Libbensles . . .

 

LIBBENSLES

 

’t Is ferskate jierren wer werom

Sa tusken De Tynje en Damslûs

Ik riid mei myn Heit De Wispel om

Iis wie der dy dagen by de rûs.

 

Heit reedriid dat it sa wat die

Ik hȃlde him lang net by

Leau my dat ik klauwen hie

Wat fȇst oan myn Dútske redens lei.

 

Heit bleau by in ȃld mantsje stean

Ik fûn him o sa nuver

Hy wie sa skabberich yn ’e klean

Dat ik skamme my doe suver.

 

Koart lyts jaske hie der oan

Koe sawol fan ’e kjeld ferekke

In ôfknipte want oan eltse hȃn

In read bûsdoekje om ’e nekke.

                                    

Fan skuon hie der gjin ferlet

Mei sokken sa op houtsjes

Reedfiters hie der seker net

Hy bun him op mei toutsjes.

 

Us Heit dy koe him seker al

Om’t er ’Roel fan Ytsje’ sei

Ik fûn him mar in frjemd gefal

En riid dȇr hurd by wei.

 

Sa streke ik troch, goed eigenwiis

Mei de hannen op’e rȇch

Dȇr kaam it troch, dat ik yn it iis

Dy grutte skuot net seach.

 

Ik sloech foardel, de hannen plat

Fielde it skrinen fan it fel

Mei yn’e knibbel in grut gat

Bloed streamde der by del.

                         

Der stie ik dan, hiel ûntsteld

Te ferekken fan ’e pine

En tocht – fjochtsend tsjin ’e kjeld –

’k Moat gau myn Heit wer fine.

 

Minsken streken lȃns my hinne

Mar liten my moai stean

Ik koe allinne neat begjinne

Dit wie fȇst myn fertsjinne lean.

 

Sa preamkeskouwend, ’k moast noch sa fier

Fielde ik in hȃn al op myn rȇch

En nea tefoarren wie’k sa blier

Doe ik it ȃlde mantsje seach

 

In robbeliche hȃn kaam my temjitte

’Roel fan Ytsje’ is myn namme’

Ik sil it nea, nea wer ferjitte

Minsken leau my, wat ha’k my skamme.

 

’In soan fan Hindrik, wok wol ha’

Hy liet syn brúne tosken sjen

’Fan namme kin ik dy net sa

Der binne nochal wat bern’.

 

’Ik sil dy knibbel mar ferbine’

De ȃld man knibbele foar my del

’k Jankte efkes fan ’e pine

Doe de bûsdoek rekke it seare fel.

 

’Dy knibbel jong, dat liket need

Kinst foareast sa net brûke

Pak my mar by it jaske beet,

Ik sil dy nei dyn Heit ta lûke.

 

Sûnt dy tiid ha ik doe leart

En lokkich net te let

Ofgean op it uterlik is glȇd ferkeard

It minskewȇzen komt út it hert.

 

                                                                         Jelle Hofstra

 

 

Schrijf een commentaar: (Klik hier)

123website.nl
Tekens over: 160
OK Verzenden.
Bekijk alle commentaren

Nieuwe commentaren

22.04 | 21:54

20 april 2019 is een Hazelworm waargenomen in Hoofddorp Noord Holland. Er is een filmpje beschikbaar. Vriendelijke groet Marion van Hees.

...
10.07 | 10:24

Dag Pieter je kunt mij altijd mailen: jelhofstr@ziggo.nl

...
09.07 | 22:35

Beste Jelle,ik zou graag met je in contact willen komen.Ik heb een Otterman adder gezien op het Griekse eiland Andros.Helaas een verkeersslachtoffer.

...
19.04 | 22:23

Prachtig om te zien, en alle leuke (vogel) soorten zijn te zien of te horen.
Leuk gefilmd, met ook de persoon. complimenten.

...
Je vindt deze pagina leuk
Hallo!
Probeer uw eigen website te maken, net als ik! Het is makkelijk en u kunt het gratis proberen
ADVERTENTIE